Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op warberfryslan.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Nynke


Nynke (2001)

In leafdesskiednis oer in bysûndere frou. Skriuwster Sjoukje Bokma de Boer, alias Nynke fan Hichtum, tinkt yn Pieter Jelles Troelstra de man fan har libben fûn te hawwen. In man dy't har as lykweardich beskôget en har ambysjes helpt te ferfoljen. Wannear't Troelstra yn de ban rekket fan it sosjalisme bliuwt foar Nynke allinnich de memmerol oer. Sy rekket dêrby yn in sosjaal isolemint en krijt in senuynsinking. Nei in psychjatryske behanneling kriget sy it advys har ambysjes op te jaan. Sy ferfremdet fan de bûtenwrâld en fan harsels. Twa ambysjeuse froulju út de SDAP sette Nynke oan om dochs wer it skriuwen op te pakken. Wannear't ek it lot fan dizze freondinnen troch harren mannen bepaald wurdt rekket sy oppenij yn in krisis. Nynkes libben is in iuwige striid tusken it mem wêzen en ambysje, tusken leafde en ûnôfhinklikens.